Nawijn: 4 mooglike dieders

27 maaie 2006 - 14:10

It ûndersyksteam fan Hilbrand Nawijn nei de moard op Marianne Vaatstra hat fjouwer minsken yn't each dy't de moard mooglik pleegd ha. Twa dêrfan wurkje by de plysje. Nawijn pleitet foar in grutskalich DNA-ûndersyk yn de Westerein en omkriten om de wiere dieder en dêrmei de saak op te lossen. Minister Donner wol der foarearst net oan meiwurkje.

Misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries sil Nawijn helpe by it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)