Diskusje oer takomst Fryslân

© Omrop Fryslân
Der komt in grutte maatskiplike diskusje oer hoe't Fryslân der yn 2030 útsjen moat. Ynwenners fan Fryslân, it bedriuwslibben, ûnderwiis, maatskiplike ynstânsjes en ek Friezen om utens meie meiprate oer in takomstplan foar de provinsje.
Yn de fisy moat dúdlik in omskriuwing komme fan plannen dêr't de 1,4 miljard fan de Nuon-oandielen hinne moat. De politike partijen meie har earst net mei de diskusje bemuoie.