Hamburger útskeakele yn München

27 maaie 2006 - 11:15

Roeier Sjoerd Hamburger fan Alderberkeap is útskeakele op de wrâldbeker yn München yn de skiff iepen klasse. De Fries waard yn de twadde heale finale fjirde. Syn tiid wie lykwols net goed genôch om by de bêste seis te einigjen. Hamburger roeit noch wol yn de treastfinale om de plakken sân oant en mei tolve.

Ek de oare Nederlânse dielnimmer Dirk Lippits waard útskeakele. Hy waard yn de earste heale finale fiifde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)