HT-race goed ferrûn

27 maaie 2006 - 11:14

Tusken Harns en Skylge is freed de 31e HT-race hâlden. In roeirace mei diskear 133 sloepen. De tocht fan 36 kilometer is freed útsûnderlik goed ferrûn. Nei twa oeren en in kertier wie it earste team al binnen. It stadichste team hie sawat it dûbele nedich.

De HT-race stiet bekend as de swierste sloeperace fan it lân. Ferline jier noch helle mear as de helte fan de dielnimmers de einstreek net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)