Nije foarsjennings yn Stynsgea
Stynsgea is sûnt woansdeitemiddei twa foarsjennings riker, want der waarden in nij jeugdhonk en in nij pjutteboartersplak iepene. Beide sitte no oan wjerskanten fan it gymnastyklokaal oan de W.B. van der Kooiwei.
Sawol de pjutten as de jongerein sieten de ôfrûne jierren yn tydlike húsfesting. De pjutten sieten sels yn in soarte fan needgebou.