Twa Amerikanen foar Aris

26 maaie 2006 - 16:55

Basketbalclub WoonAris hat twa nije Amerikaanse spilers oanlutsen. It giet om Ryan Diggs en Tyler Amaya fan de Western Washington University.

De 21-jierrige Diggs is in ien meter en 88 sintimeter lange guard. Yn Washington skoarde hy gemiddeld 21,6 punten per wedstryd. Amaya is 23 jier en ien meter en 98 sintimeter lang. De Amerikaan skoarde as forward 14,8 punten per wedstryd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)