Mark Horsten wint NK skeelerjen

© Omrop Fryslân
Mark_Horsten (19) út Haulerwyk is tongersdeitejûn yn syn wenplak Nederlânsk kampioen skeelerjen wurden op de 15 kilometer ôffalkoers. Hy bleau Sjoerd_Huisman yn de einsprint foar.
It wie foar Horsten de earste titel by de senioaren. By de froulju wie Carin_Ketellapper út Wolvegea de winneres op de 300 meter. Manon Kamminga út Haulerwyk wie by de kadetten famkes de bêste op de 300 én de 5000 meter.