Opmerklike dieverij Hearrenfean

26 maaie 2006 - 14:42

Der hat fannewike in opmerklike stellerij plakfûn op It Hearrenfean. Dieven ha by springkessenfabrikant Mas Friesland in piratedraaimûne, in rodeokessen en guon luchtpompen stellen. It is de tredde ynbraak by it bedriuw yn in heal jier tiid.

Ek waard der noch in buske meinaam. It buske is wer weromfûn by in bedriuw sawat in kilometer by de fabryk wei. De skea fan de ynbraak bedraacht in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)