Teloarstelling by nee-stimmers

26 maaie 2006 - 11:39

Sa'n twa tredde fan de Ljouwerters is tsjin de plannen foar it nije Saailân. Dat is de útslach fan it referindum dat woansdei holden is oer de plannen. Mar it nije Frysk Museum en de winkelwand komme der dochs omdat der net in kwalifisearre mearderheid wie.

De frustraasje by de tsjinstanners fan it plan is grut. Sy fine dat se foar neat stimd ha. De Nieuwe Leeuwarder Partij, dy't it referindum oanfrege hat, is ek teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)