Hilleger wint EK-race De Jouwer

© Omrop Fryslân
Motorkoereur Sytze Hilleger fan Ferwert hat tongersdei de earste wedstriid foar it EK shorttrack wûn. De wedstriid waard ferriden op De Jouwer. Hilleger bleau yn de finale Jan Winters út Hellendoorn en Johan Berndt út Stadskanaal foar. Europeesk kampioen Wybe Valkema waard achtste. Hy komt krekt werom fan in blessuere.
Nei De Jouwer folgje noch twa wedstriden yn Dútslân en de finale yn it Drintske Roden.