Ferwûnen by ûngelok Aldwâld

© Omrop Fryslân
Seis minsken binne tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Aldwâld. In 55-jierrige man út Grou ried yn syn bestelauto de Trekwei op. Hy hie net sjoen dat der fanút de rjochting Dokkum in oare auto oanriden kaam.
In oanriding wie it gefolch. Beide auto's rekken yn de sleat. De bestjoerder fan de bestelauto waard út syn wein slingere en bleau op de dyk lizzen. Hy is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.