Blommemerk yn Ljouwert

25 maaie 2006 - 21:23

Tongersdei, Himelfeartsdei, wie wer de jierlikse blommemerk yn Ljouwert. Ferspraat oer de hiele lingte fan de Lange Marktstrjitte en de Tesselschadestrjitte stiene fan 08.00 oant 18.00 oere mear as 200 kreamen mei ferskate blommen en planten.

Besikers fan de blommemerk mochten gebrûk meitsje fan parkearplakken by it FEC. Fanwege de merk wiene de Lange Marktstrjitte en Tesselschadestrjitte ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)