Pander-museum takom jier iepen

© Omrop Fryslân
It Pier Pander-museum yn Ljouwert giet yn de simmer fan 2007 wer iepen foar publyk. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdei besletten. It museum hat lange tiid ticht west, ûnder oaren om't it ûndúdlik wie wa't no ferantwurdlik wie foar de eksploitaasje. Yn it ferline wie dat 't Princessehof, mar fan takom jier ôf sil it Histoarysk Sintrum Ljouwert it museum draaiende hâlde.
It timpeltsje is dan foar it earst yn hast 40 jier iepen foar publyk.