Frachtweinkontrôle by Surch

© Omrop Fryslân
By in ferkearskontrôle op de N31 by Surch ha plysje en AID woansdei tritich frachtweinen steande hâlden. Dêrby waard benammen sjoen nei koelweinen. Der binne bekeurings útdield foar in te lange en foar in te hege frachtweinkombinaasje.
Op dy lêste frachtwein wie hea laden. Twa sjauffeurs rieden sûnder bekeuring en fierders waarden der ek twa Spaanske sjauffeurs bekeurd. Har papieren wiene net yn oarder.