Jild provinsje foar reidwâlen

25 maaie 2006 - 15:12

Underhâld oan de reidwâlen is mooglik foar de 375.000 euro yn it jier dy't de provinsje dêrfoar reservearre hat. Dat docht bliken út in proef, útfierd yn opdracht fan Wetterskip Fryslân. By de proef is in stikje fan 14 km meand.

De kostpriis foel leger út as earder tocht. Boppedat komme in tal leanbedriuwen mei noch skerpere oanbiedings. It wetterskip hat 1500 kilometer reidkragen ûnder syn bewâld. Dat wurdt ien kear yn de 3 jier meand.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)