Steaten tefreden oer busferfier

© Omrop Fryslân
De Steaten binne tefreden mei de útlis fan deputearre Baas oer de oanbesteding fan it iepenbier ferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Arriva en Connexxion hawwe by fersin de offertes faninoar sjoen.
Grienlinks hat in soad fragen oer de saak en woe dêr yn in spesjale kommisjegearkomste oer prate. Mar de oare fraksjes binne tefreden. Connexxion dy't de gunning krijt, sil folle mear bussen ride litte.