Fryske hynders helpe ferslaafden

25 maaie 2006 - 14:57

Fryske hynders helpe ferslaafden yn Skotlân fan har minne gewoante ôf. It giet om in terapy yn de Castle Graig- klinyk, súdlik fan Edinburgh. Yn dy Skotske priveeklinyk ferbliuwe ek 35 Nederlânske pasjinten, diels op kosten fan soarchfersekerders.

Groepkes fan seis pasjinten moatte yn in stik lân simpele oefenings mei in hynder dwaan. Se meie dêrby it dier net oanreitsje of lokje mei foer. Se bouwe sa fertrouwen en geduld op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)