Utwreiding Harinxmakanaal nedich

25 maaie 2006 - 14:55

Skippersferiening Schuttevaer is benaud dat Deputearre Steaten ôfsjogge fan de útwreiding fan it Van Harinxmakanaal. Dat soe net trochgean omdat Ljouwert projektûntwikkelders tastien hawwe soe huzen te bouwen yn útwreidingssône fan it kanaal.

De kanaalútwreiding is nedich om bedriuweterreinen, ferbûn mei it kanaal goed berikber te hâlden of te ferbetterjen. De ûntsluting fan de Harnzer haven soe ek op it spul stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)