Opkomst referindum 43 persint

© Omrop Fryslân
Mear as 43 persint fan 'e Ljouwerters hat woansdei stimd by it referindum oer de werynrjochting fan it Saailân. It opkomstsifer is tige wichtich, want in opkomst fan 30 % is nedich foar in jildich referindum.
Ek yn 'e lêste oere is noch drok stimd. Om 21.00 oere stiene by ferskate stimburo's yn Ljouwert noch lange rigen. Alle minsken dy't om 21.00 yn it stimburo wiene, mochten noch har stim útbringe.