Hoareka-konvenant op Flylân

© Omrop Fryslân
De gemeente Flylân, hoareka, plysje en de bewenners fan it eilân ha woansdei in hoareka-konvenant sletten. Wichtichste punt binne de frije slutingstiden foar de hoareka op it eilân. It giet om it '1-2-3-belied'.
Dat hâldt yn dat om 01.00 oere de doarren ticht gean, om 02.00 oere de ljochten oangean en om 03.00 oere de besikers derút moatte. Ferline jier woene B&W dit belied net ynfiere. It nije kolleezje is wol foar.