Nij MFC Jobbegea ûntwerp Wind

25 maaie 2006 - 13:17

It nije multyfunksjonele gebou yn Jobbegea wurdt ûntwurpen troch Wind Groep Architecten yn Drachten. Dat hat de gemeente It Hearrenfean bekend makke. Yn it gebou komme aanst beide skoallen fan Jobbegea, de biblioteek, berne-opfang en noch mear.

De nijbou komt tsjin de besteande ekspânsjehal oan en moat dêr ien gehiel mei foarmje. Yn totaal ha 50 arsjitekten in ûntwerp yntsjinne. It plan wurdt begjin july presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)