Jild foar bernebuorkerij

© Omrop Fryslân
De bernebuorkerij by ferpleechsintrum Lindestein yn Wolvegea is wer in stapke tichterby kommen. Oant no is der 30.000 euro foar ynsammele. In dwerggeit brocht woansdei it jild om 'e nekke by it ferpleechsintrum.
De Rûne Tafel Wolvegea is de inisjatyfnimmer fan de bernebuorkerij. Nei ferskate jildaksjes binne der meardere donaasjes ynkommen fan oare clubs. De bernebuorkerij moat takom jier in feit wêze.