Te Loo bemiddeler Littenseradiel

25 maaie 2006 - 09:46

John te Loo sil bemiddelje yn de bestjoerskrisis yn Littenseradiel. Te Loo hat earder boargemaster fan Ljouwert west. Oanlieding foar de bemiddeling binne krityske opmerkings fan boargemaster Liemburg oer de wize wêrop it nije kolleezje foarme is.

Dêrtroch is it betrouwen fan ûnder oare de PvdA en de VVD yn de boargemaster bot skeind. Kommissaris Ed Nijpels hat woansdei praat mei de riedsfraksjes en de boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)