Connexxion krijt OV-konsesje

25 maaie 2006 - 09:46

Ferfiersbedriuw Connexxion krijt de kommende seis jier de konsesje foar it busferfier yn Noard- en Súdwest- Fryslân. Dat hawwe Deputearre Steaten bekend makke. Der wiene noch twa oare gadingmakkers, wêrûnder Arriva.

Connexxion hat it busferfier krigen om't dy hast de helte mear busritten biede kin as no. Dêrmei die Connexxion it bêste bod. It personiel, goed 300 man, kin oernaam wurde fan Arriva en der is wurk foar 100 ekstra sjauffeurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)