Opkomst referindum 16.00: 22,2%

© Omrop Fryslân
Om 16.00 oere hat 22,2% fan de Ljouwerters stimd op it referindum foar of tsjin de Nij Saailân-plannen.
Om 11.00 oere wie de opkomst 9,4%. Dat is leger as by de gemeenteriedsferkiezings yn maart. Doe wie de opkomst om deselde tiid hinne goed 15 persint. De folsleine opkomst wie by de gemeenteriedsferkiezings goed 48 persint. 30 persint fan de kiesberjochtigen moat foar of tsjin wêze. Oars is de útslach net jildich.