Utfallers by Alvestêdekuiertocht

© Omrop Fryslân
Op de twadde dei fan de Fryske Alvestêdekuiertocht binne seker 10 oant 15 minsken útfallen. En dêr komme mooglik noch wat minsken by. Dat is folle mear as tiisdei en hat alles te krijen mei it minne waar fan woansdei. Dat seit de organisaasje.
De tocht is tiisdei yn Ljouwert út ein set. Woansdei is der rûn fan Sleat oant Warkum, in etappe fan hast 45 kilometer. Der binne 1400 kuierders fan start gongen.