Grjint giet nei Natuermuseum

© Omrop Fryslân
De grjint dy't tiisdei oanspield is op it strân fan Skiermûntseach wurdt oerbrocht nei it Natuermuseum yn Ljouwert. It walfiskeftige bist wurdt eigendom fan it natuerhistoarysk museum Naturalis yn Leiden.
Dy jout it bist dan wer yn brûklien oan it Natuermuseum yn Ljouwert. Earst wurde der meunsters út de organen nommen om de deadsoarsaak te ûndersykjen. Dêrnei wurdt it skelet fan it bist preparearre.