Arriva nimt juridyske stappen

24 maaie 2006 - 15:22

Arriva fjochtet it beslút fan de provinsje, om it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân te gunnen oan ferfierder Connexxion, oan by de rjochter. Der soene proseduereflaters makke wêze, om't der ynformaasje oer de biedingen útlekt is.

Deputearre Steaten soene it beslút net op objektive grûnen nimme kinne. Direkteur Hettinga fan Arriva tinkt deroer om it haadkantoar te ferhúzjen út it Noarden wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)