Aldskoat krijt MFC

24 maaie 2006 - 10:52

It doarp Aldskoat is hielendal opslokt troch Hearrenfean en wie jierrenlang de eigen namme kwyt. Sûnt tiisdei kin de flagge wer út. De namme is in pear jier ferlyn al werom krigen en no mei it doarp in eigen multyfunksjoneel gebou delsette.

Dêryn krije ûnder oaren twa skoallen, it wolwêzenwurk, de doarpskrante en de berneopfang in plakje. Nei jierren fan praten binne tiisdei de hantekens set en no kin de arsjitekt oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)