Subsydzje foar superbus

24 maaie 2006 - 10:39

Ferkearsminister Karla Peijs stelt subsydzje beskikber foar de ûntwikkeling fan de superbus. De bus soe yn de takomst mooglik as alternatyf foar de Suderseeline jilde kinne.

De minister jout de subsydzje om mear ûndersyk nei dy bus te dwaan. De superbus is ûntwikkele troch de eardere astronaut Wubbo Ockels. De bus kin wol in gong fan 250 kilometer yn't oere helje en rydt oer busbanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)