Learbedriuw ferpleechkundigen

© Omrop Fryslân
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten rint lanlik foarop mei de oplieding fan ferpleechkundigen. It sikehûs, de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en it Friesland College setten twa jier ferlyn útein mei in learbedriuw yn it sikehûs.
It unike is dat de studinten fan it HBO en it MBO gearwurkje op de ôfdieling ûnder begelieding fan ferpleechkundigen en eigen dosinten. It personiel bliuwt ferantwurdlik.