Pelikaan sjoen by Tsjûkemar

24 maaie 2006 - 06:00

By de Tsjûkemar by Ychtenbrêge is in rôze pelikaan sjoen. It bist waard earder al sjoen yn Dolsterhuzen, It Amelân en Skylge. Neffens de organisaasje Dutch Birding giet it om in wylde pelikaan. At de fûgel út in dierepark komme soe, soe der in ring om syn poat hawwe moatte.

Neffens de organisaasje giet it om in jonge fûgel dy't by de fûgeltrek ferdwaald rekke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)