Nije trainer folleybalclub Snits

24 maaie 2006 - 06:00

Wim Roosenburg wurdt de nije trainer fan it manljusteam fan folleybalclub Snits. Snits komt út yn 'e earste divyzje. Foar Roosenburg is dat in stapke omheech. Want syn lêste club, Vovem út Emmeloord, spilet in klasse leger.

Roosenburg is opfolger fan Martin Fennema. Dy gong oan'e ein fan ôfrûne seizoen fuort omdat syn ambysjes net goed pasten by dy fan 'e club.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)