Brân yn skuorre yn Spannum

23 maaie 2006 - 18:05

By in brân yn in skuorre yn Spannum binne twa auto en in pear motors ferlern gien. De brân ûntstie om in oere as twa yn in skuorre oan de Laakwerterwei yn Spannum. Der wie in soad reekûntwikkeling.

De brânwacht fan Wommels en Mantgum ha de brân blust, mar de skuorre kin as ferlern beskôge wurde. Hoe't de brân ûntstien koe en hoe grut it skeabedrach is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)