Wylde herten wurde ôfsketten

23 maaie 2006 - 17:16

Fjouwer damherten yn de gemeente Grootegast wurde ynkoarten ôfmakke om't se in bedriging binne foar de ferkearsfeiligens. De bisten binne sa bot ferwyldere dat it dreech is foar in narkotiseur om by se yn de buert te kommen. De gemeente sjocht gjin oare mooglikheden mear. De dierebeskerming wol besykje dit te kearen. De herten ûntsnapten in pear jier lyn út it stik greide by Sebaldeburen yn Grinslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)