The Box bliuwt yn pakket Essent

© Omrop Fryslân
De programmaried Fryslân fan kabelmaatskippij Essent hat moandei besletten om muzykstjoerder The Box yn it pakket te hâlden. De ried stelde it definitive radio- en tv-pakket foar it jier 2007 fêst.
Eardere plannen om The Box te skrassen foar de nije stjoerder TV Oase fan Harry de Winter rôpen in soad protest op. Sa waarden der hantekens sammele en rapper Remon fan it Hearrenfean skreau sels in Frysktalige protestrap.