Ferlet fan Voedselbank Drachten

© Omrop Fryslân
It rint stoarm by de Voedselbank yn Drachten. Ferline wike freed sette de organisaasje útein mei it útdielen fan pakketten mei iten. Op 2 juny folget de twadde ronde.
Yntusken hawwe der al mear as hûndert minsken belle foar in pakket mei iten. Doel is dat der op de earste en tredde freed yn de moanne útdield wurdt oan minsken dy't der rjocht op hawwe. Dat binne minsken dy't neist de fêste lesten mar 150 euro útjaan kinne.