Appelskea moat oppimpt

23 maaie 2006 - 12:04

Appelskea moat op 'e nij it klopjend hert fan toeristysk súdeast-Fryslân wurde. No is it sa dat der hieltyd minder toeristen komme.

De gemeente Eaststellingwerf hat dêrom in rapport opstelle litten. Dêryn stiet dat der mear fariaasje komme moat yn it horeka-oanbod, dat it te rommelich is op de Boerestreek, dat der toeristen mei mear jild komme moatte en dat der mear spannende aktiviteiten komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)