Liemburg oer aksje Nijpels

© Omrop Fryslân
Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel is bliid dat kommissaris Nijpels syn ferantwurdlikens nimt. Dat is it iennige wat Liemburg kwyt wol oer de bestjoerskrisis yn har gemeente. Liemburg wol fierder net foar de mikrofoan reagearje.
Moandei waard bekend dat Nijpels de fraksjefoarsitters útnoege hat foar in gesprek. Dêrmei grypt er yn yn de fertrouwenskrisis yn Littenseradiel.