Skoalbern bouwe sinneboat

© Omrop Fryslân
Trije learlingen fan it Marne College yn Boalsert bouwe al moannen oan har eigen sinneboat. De learlingen wolle meifarre yn de de Frisian Nuon Solar Challenge. Troch it bouwen fan de boat dogge de VWO-learlingen in soad praktykûnderfining op.
De race set ein juny út ein. Yn seis dagen tiid sille boaten oanstjoerd troch sinne-enerzjy de Alvestêdetocht farre. Moandei gie de Boalserter boat foar it earst it wetter yn.