Tsjongerskâns moat effisjinter

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan De Tsjongerskâns wol dat it sikehûs noch doelmjittiger wurket. Gearwurking mei oare sikehuzen en private kliniken wurdt dêrby net útsluten. Dat stiet yn it jierferslach.
Foar 2006 hâldt it sikehûs rekken mei in ferlies fan ien miljoen euro. Mar omdat der yn de earste fjouwer moanne fan dit jier mear pasjinten west ha, is der fan reade sifers noch neat te merken. Yn 2005 hie it sikehûs folle mear behannelings as it jier derfoar.