Fandalen oanholden yn Haulerwyk

© Omrop Fryslân
Yn Haulerwyk hat de plysje snein op de De Bruinewei twa ynwenners út de gemeente Eaststellingwerf oanholden. De plysje hie in melding krigen dat de beide manlju fernielings pleegden yn tunen en oan ferkearsbuorden.
Op de De Bruinewei seach de plysje dat se in ferkearsboerd besochten om te triuwen. Ien fan har hie al in tal strjitnammebuorden ûnder de earm. Beide manlju binne oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.