Ympresje nijbou op Saailân

© Omrop Fryslân
Op it Saailân yn Ljouwert wie snein in libbensgrutte ympresje te sjen fan de nijbou op it plein. De kontoeren fan it nije Fries Museum en de winkels wiene mei steigers en oare boumaterialen oanjûn.
Oanlieding wie it referindum oer it nije Saailân dat woansdei holden wurdt. De inisjatyfnimmers woene de ynwenners fan Ljouwert in better byld jaan fan de nijbou. De skok wie foar guon Ljouwerters grut.