CDA yn 2e Keamer net foar pardon

22 maaie 2006 - 09:59

It CDA yn de 2e Keamer wurket net mei oan it generaal pardon foar asylsikers dy't ûnder de âlde wet nei Nederlân kaam binne. CDA-Fryslân hie dit fersyk dellein by it lanlike CDA-kongres.

It fersyk waard stipe troch de regiobestjoeren fan Gelderlân, Flevolân en Grins, mar krige dochs net in mearderheid. Wol hat de CDA-top fêstlein dat der foar 1 july dúdlikens komt foar alle asylsikers dy't wachtsje op in beslút fan it regear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)