Partoer Buma wint yn Baard

© Omrop Fryslân
De frije formaasjewedstriid foar froulju yn Baard is sneintemiddei wûn troch it partoer Géjanna Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema. Se wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-6 fan it partoer Marie Heida, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.
De tredde priis gong nei it partoer fan Geeske Hibma, Ingrid de Haan en Baukje Aalbers.