José v.d. Veen tred op 400 meter
José van der Veen fan Bakkefean is sneontejûn yn Tucson Arizona yn Amearika as tredde einige op de 400 meter. Se die dat yn in tiid fan 55,40 sekonden. It wie foar José har earste 400 meter as tarieding op it 800 meter-seizoen.
Winner fan de 400 meter waard de Amerikaanske Carline Muir yn in tiid fan 52,73 sekonden.