De Ark Dokkum no Pinkstertsjerke

21 maaie 2006 - 12:49

De evangelyske gemeente De Ark yn Dokkum hat syn namme feroare yn Pinkstergemeente De Ark. It bestjoer wol sa better dúdlik meitsje wat foar tsjerke De Ark is. It begryp 'evangelysk' is neffens it bestjoer in te breed begryp.

De Pinksterbeweging is hûndert jier ferlyn ûntstien yn Amearika en De Ark fielt him dêr bot mei ferbûn. De Pinkstergemeente is de lêste jierren flink groeid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)