Undernimmersferiening Grou lilk

21 maaie 2006 - 12:07

It beslút fan de gemeente Boarnsterhim om dochs detailhannel ta te stean bûten it sintrum fan it doarp, soarget foar grutte fernuvering by de ûndernimmersferiening yn Grou.

Drogisterij Kruidvat hat fan de gemeente frijstelling krigen om in festiging oan de Stasjonswei te iepenjen. Dit is neffens de ûndernimmersklub tsjin de ôfspraken yn. Der wie ôfpraat om de leechrin fan de winkels yn it doarp tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)