Oerrock-festival kin net groeie

© Omrop Fryslân
It Oerrock-festival kin net fierder groeie, sa fynt de organisaasje. It festival is dit wykein yn it doarp Oerterp en it wurdt rund troch frijwilligers. Freedtejûn wie it Golden Oldies-jûn mei Slade, The Sweet en The Animals.
Sneontejûn komme de saneamde moderne bands De Dijk en Ilse de Lange. It is de sande kear dat it Oerrock-festival holden wurdt. It festival kin alle jûnen maksimaal 3500 besikers ha.