ONS - IJsselmeervogels: 1-1

© Omrop Fryslân
ONS Snits hat sneon lyk spile yn de earste wedstriid om it kampioenskip fan de sneonshaadklassers. Tsjin IJsselmeervogels waard it op it eigen fjild 1-1.
Troch in net terjochte stafskop yn de njoggende minút kamen de Snitsers op achterstân. Foar it skoft makke Ton Haarman de lykmakker. Beide ploegen krigen yn in aardige wedstriid kâns op mear. Rijnsburgse Boys is de folgjende tsjinstanner fan ONS.